Friesland College, ROC Friese Poort en Aeres sille tegearre mei de Afûk en provinsje Fryslân it plak fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis fersterkje. De partijen hawwe de ambysjes en de dêrby hearende doelen en wurksumheden fêstlein as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Om dy ôfspraken te bekrêftigjen setten fertsjintwurdigers fan de ferskillende ynstellingen harren hantekening ûnder it konvenant ‘Mei-inoar sette wy de skouders ûnder it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’.
Deputearre Sietske Poepjes is ynnommen mei de plannen: ‘It middelber beropsûnderwiis is in wichtige ûnderwiissektor yn Fryslân. Sa hawwe fan alle ynwenners yn Fryslân mei in (berops)diploma bygelyks sa’n 70 prosint in mbû- eftergrûn. It grutste part fan de mbû-studinten yn Fryslân sil wenjen en wurkjen bliuwe yn de regio. Krekt dêrom is it wichtich om binnen harren beropsoplieding goed omtinken te hawwen foar de meartalige sitewaasje yn Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal.’
It belang fan it Frysk docht ek bliken út resint ûndersyk fan E&E-advies (2020) nei de posysje fan it Frysk yn it bedriuwslibben. Wurkjouwers jouwe oan dat by 54% fan de bedriuwen meiwurkers faak oant hiel faak yn kontakt komme mei it Frysk yn relaasje ta de klanten. Nochris 30 prosint fan de bedriuwen jout oan dat soks soms bart en 16 prosint jout oan dat soks frijwol nea bart. Sa'n 76 prosint fan de bedriuwen jout ek oan dat sy it ferstean fan it Frysk troch harren wurknimmers wichtich fine. Dêrmei hat it Frysk yn it ekonomysk ferkear in wichtige posysje.
Studinten sille yn harren oplieding op ferskillende wizen yn ‘e kunde komme mei en wurkje oan ‘taalbewustwêzen en taalhâlding’ oan de iene kant en ‘taalfeardichheden (Frysk)’ oan de oare kant. De eigen beropspraktyk fan de individuele studint stiet hjirby sintraal.
Foto
F.l.n.r.: deputearre Sytske Poepjes (prov. Fryslân), direkteur Lineke Kleefstra-Jansen (ROC Friese Poort), direkteur Zahra Mousazadeh (Friesland College), direkteur Truda Kruijer (Aeres) en direkteur Alex de Jager (Afûk).